Baukje Miedema

Contact: tel: 0515-541799

gsm: 06-30269762

Dit wurdt de twadde perioade yn de rie fan Súdwest-Fryslân.

Opgroeid yn Burchwert en nei de legere skoalle en Mulo yn Boalsert, bin ik nei de leraresseoplieding yn Ljouwert gien. Nei acht jier yn it húshâldûnderwiis wurke te hawwen, wêrfan twa yn Beverwyk / Heemskerk, ha ik mei Lambertus Hylkema de buorkerij yn Gaast opboud en hawwe wy trije jonges krigen.

Al ridlik gau waard ik frege foar it bestjoer fan doarpsbelang Gaast. Troch de contacten mei de gemeente is de ynteresse foar de polityk ûntstien. It bleau net by it bestjoer fan doarpsbelang, der folgen ûnder oaren de Feriening fan Lytse Doarpen, de tennisferiening en bibleteek fan Makkum en op dit stuit noch de Pronkriders fan Hearrenfean.

De tiid yn de ried fan Wûnseradiel wie yn de tiid dat der hieltyd mear taken op de gemeenten ôfkamen. Stadichoan waard dúdlik dat gemeenten te lyts wienen om goed wurkje te kinnen en waard praat oer in wize fan gearwurkjen of te wurkjen nei gruttere gemeenten. Doe’t it beslút foel dat Wûnseradiel opgean soe yn ien grutte gemeente mei Nijefurd, Boalsert, Snits en Wymbrits, siet ik yn Provinsjale Steaten. De útdaging om Súdwest-Fryslân mei op te bouwen wie grutter as noch fjouwer jier lid te bliuwen fan Provinsjale Steaten. De earste, hast fjouwer jier, yn Súdwest-Fryslân wie in tiid fan opbouwen en in wei sykje om it bêste der út te heljen. De kommende fjouwer jier is opnij in útdaging om dat wat yn gong setten is út te bouwen. Yn de kommisje Doarp Stêd en Omkriten sil ik wer besykje safolle mooglik romte te meitsjen foar it bedriuwslibben, heldere regeljouwing en gjin regels boppen op regels, dy’t al steld binne fan Den Haag en Brussel út.

De ôfrûne fjouwer jier hawwe wy hammere op kommunikaasje mei de boarger. Kommunikaasje foarkomt in hiel soad argewaasje. De gemeente praat it lêste healjier mear mei boargers (moasje yntsjinne troch VVD en GrienLinks). It hat al bliken dien dat der dêrtroch minder beswierskriften yntsjinne wurde. Kommunikaasje mei de boarger freget mear tiid mar jout mear belutsen boargers.

Alles meiïnoar in útdaging om dêr fierder oan te wurkjen. Stêd, doarp en plattelân moat trochgroeie kinne want stilstean is efterút gean.

Baukje Miedema